Belidenis yn it Frysk

Wy hawwe foar it begryp en oanfurdigje

dat wy ús net deljaan kinne yn ‘e wissens fan ús beliden, mar dat wy ús ferwûnderje meie oer wat ús tafalt en skonken wurdt;

dat wy ús bestimming net fine yn ûnferskilligens en hebsucht, mar yn omtinken en ferbûnens mei al wat libbet;

dat ús bestean net folslein wurdt troch wa’t wy binne en wat wy hawwe, mar troch wat ûneinig grutter is as wy befiemje kinne.

Laat troch dat besef leauwe wy yn Gods Geast dy’t al wat minsken útinoar driuwt te boppe giet en harren besielet ta wat hillich is en goed, dat hja, sjongend en swijend, biddend en dwaand, God earje en tsjinje.

Wy leauwe yn Jezus, in minske dy’t fol wie fan ‘e Geast, it antlit fan God, dat ús oansjocht en ús yn ûnstjoer bringt. Hy hâlde fan minsken en waard krusige mar hy libbet, syn eigen dea en uzes foarby. Hy is ús hillich foarbyld fan wiisdom en moed en bringt ús Gods ivige leafde nei-oan.

Wy leauwe yn God, de Ivige, dy’t net te omfiemjen leafde is, de grûn fan it bestean, dy’t ús it paad fan frijheid en rjochtfeardigens wiist, en ús winkt nei in takomst fan frede.

Wy leauwe dat wysels, swak en mei ús lek en brek, roppen wurde om mei Kristus en al wa’t leaut ferbûn, tsjerke te wêzen yn it teken fan ‘e hope.

Want wy leauwe yn ‘e takomst fan God en fan ‘e wrâld, yn in godlik geduld dat tiid jout om te libjen en te stjerren en te ferriizjen, yn it keninkryk dat is en komme sil, dêr’t God foar ivich wêze sil: alles yn allegearre.

Oan God de lof en de eare yn tiid en ivichheid.

Amen.

Achtergronden over deze belijdenis 2006 van de Remonstranten vindt u in het Dossier Remonstrantse Belijdenis.